It is wer Simmer yn Fryslân

15 jun 2015 - 15:54

In simmer fol beweging

Sjonger Syb van der Ploeg joech moandeitemoarn yn it radioprogramma ‘Fryslân fan 'e moarn’ it offisjele startskot fan Simmer yn Fryslân en de hurdrintraining ‘Fit mei Femke’. Simmer yn Fryslân 2015 stiet yn it teken fan ‘beweging’. De Omrop is sels ek folop yn beweging en lûkt de provinsje yn, ûnder oaren nei Fryske campings en festivals.

Fit mei Femke
Fan hjoed ôf kinne Friezen hurdrinnen leare mei de Frysktalige hurdrintraining ‘Fit mei Femke’. De podcasts mei de earste trainingswike steane no online en binne beskikber fia de Omrop-app en www.simmerynfryslan.nl. Alle wiken komme der nije prodcasts online, ynsprutsen troch presintatrise Femke de Walle. Doel is dat de dielnimmers nei trjettjin trainingswiken 5 kilometer drave kinne. Sy kinne dan ek meidwaan oan de Simmer yn Fryslân-loop op 13 septimber yn Burgum.

De Omrop op de camping
Sân wiken lang is de Omrop mei sân ferskillende radioferslachjouwers op Fryske campings te finen yn ‘De Omrop op de camping’. Sy geane op ‘en paad mei de simmercamper en ride alle wiken nei in oare camping om dêr te kampearjen. Elkenien kin meigenietsje fan de campingferhalen fia de radio en online.

Yn de earste wike fan septimber is in kompilaasje fan de moaiste kampearmominten te sjen op Omrop Fryslân Televyzje. Nijsgjirrich op hokker campings de Omrop dizze simmer te finen is? Sjoch op www.simmerynfryslan.nl.

Festivette
Yn it programma ‘Festivette’, is de Omrop dizze simmer op allegear ferskillende Fryske festivals. Fan in metalfestival by de Aldehou en de Snitswike oant in heimsinnich hippyfeest by de Griene Stjer. Foar, op en nei de festivals wurdt ferslach dien op Facebook, Twitter en Instagram mei foto’s en filmkes.

Omrop Fryslân Televyzje stjoert yn de earste twa wiken fan septimber fjouwer Festivette ôfleverings út. Dêryn wurdt der mei in leafhawwer fan it iene festival by it festival fan in oare feestgonger sjoen om in kear in oar festival mei te meitsjen. Hoe reagearje sy op elkoars feestgedrach? En wat meist op sa'n festival wier net misse?

Mear ynformaasje oer, Fit mei Femke, De Omrop op de camping, Festivette en alle oare ûnderwerpen fan Simmer yn Fryslân 2015 is te finen op de webside: www.simmerynfryslan.nl.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876 / 06 1423 9834. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)