It fiifde Nostalgywykein by Omrop Fryslân

31 mrt 2015 - 15:08

Fan sneon 4 april oant en mei moandei 6 april op radio, televyzje en ynternet

It peaskewykein stiet ek dit jier wer yn it teken fan nostalgy by Omrop Fryslân. Foar de fiifde kear alwer wurdt it Nostalgywykein hâlden. De jierren ‘70 steane sintraal; de tiid fan de glamrock, trochbraak fan ABBA en de striid tusken Radio Veronica en Radio Noordzee. Omrop Fryslân set de nostalgyske bril op en lit de jierren ’70 wer trije dagen lang glânzje mei de grutste hits, de moaiste oantinkens en it gefoel fan doe.

Dizze wike binne presintatoaren Diana de Groot, Harm Weistra en Femke de Walle al begûn mei nostalgyske radio. Diana en Harm sjogge werom op de nijshichtepunten fan de jierren ’70 troch middel fan bysûndere fragminten út it RONO en Radio Fryslân argyf. En by it middeisprogramma mei Femke kinne de harkers harren favorite diskoplaat oanfreegje.

Sneon 4 april giet it Nostalgywykein echt los. Diana is dan yn ‘Sneon yn Fryslân’ op syk nei de moaiste keverferhalen. Ek wurde minsken oproppen om sneontemiddei fan 13.00 oere ôf mei harren Volkswagen Kever nei it parkearplak fan Omrop Fryslân te kommen. Alle soarten en maten kevers binne wolkom. Opjaan dêrfoar, mei telefoannûmer en in taljochting oer de auto, kin fia kever@omropfryslan.nl.

Yn ‘Snein yn Fryslân’ op snein 5 april wurdt de middei wer omdoopt ta ‘De gouden finylmiddei’. Elkenien dy’t noch in album of single út de jierren ’70 hat, kin nei de studio fan Omrop Fryslân komme om dy hearre te litten. Jan Durk de Haan faget it stof derôf en set de nuddel derop fan 13.00 oere ôf. Want sûnder orizjineel finyl is it ’70er jierren Nostalgywykein fansels net kompleet. Ek is discjockey Wilfred de Jong te gast, hy wurke yn de jierren ’70 foar Radio Caroline en Radio Mi Amigo. Wilfred sil it ynbrochte finyl fan saakkundich kommentaar foarsjen.

Arjen Overmaat fersoarget op moandei 6 april fan 13.00 oere ôf de 70’s Top 50 mei de grutste hits út dy tiid. Ek stiet de mailboks wer iepen foar oantinkens út dy muzikale bloeiperioade. Trochjaan kin fia muzyk@omropfryslan.nl of fia in SMS of appke nei
06 20 499 199.

De radioprogramma’s op sneontemiddei, sneintemiddei en moandeitemiddei binne ek te folgjen op Omrop Fryslân Televyzje, ynternet en de Omrop Fryslân-app. Mear ynformaasje oer it Nostalgywykein is te finen op: Omropfryslan.nl/nostalgywykein.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)