Iepenloftspullen 2016

13 maaie 2016 - 10:14

Fryslân is de provinsje fan de iepenloftspullen, amateurtoaniel yn ‘e iepen loft. Yn ferskate Fryske doarpen wurkje hûnderten frijwilligers alle jierren wer spikerhurd om de moaiste stikken op de planken te bringen. Net allinnich mei folwoeksenen, mar ek bern spylje har eigen iepenloftspul. Omrop Fryslân jout dit simmerseizoen ekstra omtinken oan de iepenloftspullen.

Sûnt 2007 is der in priis foar de iepenloftspullen: de Gouden Gurbe. De priis wurdt elk jier útrikt troch de Ljouwerter Krante en hat seis kategoryen. De sjuery bestiet dit jier út âld-redakteur Wiebe Pennewaard, teaterdosint Jannie van der Veen en akteur Fokke Plantinga. Fan de fyftjin stikken dy't kâns meitsje op in Gouden Gurbe binne der op de webside fan Omrop Fryslân reportaazjes te finen, ynformaasje oer de stikken en de spyldata. Yn de Ljouwerter Krante binne ek resinsjes te finen oer dy stikken. Dy resinsjes binne ek werom te finen fia lc.nl/goudengurbe. Oan de ein fan it iepenloftspullen-seizoen wurde de Gouden Gurbes útrikt. De útrikking fynt plak op sneon 15 oktober yn teater Snits.

Sjoch foar mear ynformaasje oer de stikken, spyldata en de reportaazjes op: omropfryslan.nl/iepenloftspullen.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 78 76.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)