Iepen Nederlânske Fanfare Kampioenskippen live

01 apr 2016 - 12:03

Fanfare-orkesten út hiel Nederlân stride op 8 en 9 april wer om it kampioenskip fan Nederlân op de Open Nederlandse Fanfare Kampioenschappen (ONFK) yn Drachten. De optredens binne live te folgjen by Omrop Fryslân op ynternet en fia de Omrop-app.

De ONFK wurdt dit jier foar de sechsde kear hâlden en wurdt organisearre troch de Stichting Frysk Fanfare Festival. Mar leafst 38 orkesten mei yn totaal mear as 1.700 muzikanten dogge ferdield oer fiif difyzjes mei oan de kampioenskippen. De 5e en 4e difyzje steane op freed 8 april op it programma en de striid yn de 3e, 2e, en 1e difyzje is te folgjen op sneon 9 april. Omrop Fryslân stjoert de kampioenskippen streekrjocht út op ynternet fia www.omropfryslan.nl of www.omroplive.nl en fia de Omrop-app. De útstjoering op freed 8 april is fan 15.30 oant 23.15 oere en op sneon 9 april is de ONFK te folgjen fan 10.00 oant 24.00 oere.

Mear ynformaasje oer de dielnimmers en de wurken dy’t spile wurde, is te finen op www.onfk.nl of de facebookside fan de ONFK. Omrop Fryslân makket ek opnamen dy’t letter te hearren binne op it Koperkanaal, www.koperkanaal.nl, de online radiostjoerder fan Omrop Fryslân foar leafhawwers fan muzyk fan harmony, fanfare en brassband.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân. Tel. 058 299 7876 / 06 14 23 98 34

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)