Hynstekeuring en Fri(e)sian Proms live by Omrop Fryslân

08 jan 2016 - 17:53

Mear as 25.000 besikers út 30 lannen komme tusken 14 en 16 jannewaris nei Fryslân foar de jierlikse hynstekeuring fan De Koninklijke Vereniging ‘Het Friesch Paarden-Stamboek’ (KFPS). De keuring fan de stamboekhynsten op sneon 16 jannewaris is fan 8.30 oere ôf live te folgjen op Omrop Fryslân Telefyzje en Omroplive.nl. Op freed 15 jannewaris is it konsert Fri(e)sian Proms rjochtstreeks te sjen op Omroplive.nl.

De jierlikse hynstekeuring fan de KFPS is bedoeld as seleksje foar jonge hynsten en keuring fan de goedkarde KFPS-stamboekhynsten. By de bylden fan de hynstekeuring op sneon wurdt live kommentaar jûn troch presintator Gerrit de Boer fan Omrop Fryslân en saakkundige Henk Dijkstra fan ‘Het Koninklijk Friesch Paarden-Stamboek’. It kommentaar wurdt ôfwiksele mei ynterviews. Foar bûtenlânske sjoggers is de útstjoering op ynternet te folgjen mei Ingelsk of Dútsk kommentaar. Njonken de keuringen binne der showrubriken te sjen, mar it hichtepunt fan de dei is alle jierren de beneaming fan de ‘Kampioen stamboekhynst’. Oan de ein fan de middei wurdt bekend wa’t de opfolger is fan de Kampioen fan 2015: Jehannes 484. Dat sil earne tusken 17.00 en 17.30 oere bekend wurde.

Op tongersdei 14 en freed 15 jannewaris fynt it konsert Fri(e)sian Proms plak yn it WTC yn Ljouwert. Mei in miks fan muzyk, bekende artysten, ljocht en fjoerwurk wurdt it in spesjale showjûn. Fansels ûntbrekt it Fryske hynder net yn de show. Omrop Fryslân stjoert Fri(e)sian Proms op freed 15 jannewaris fan 20.30 oere ôf live út op Omroplive.nl.

Fri(e)sian Proms en Hynstekeuring Live
Freed 15 jannewaris fan 20.30 oere ôf op Omroplive.nl it konsert Fri(e)sian Proms. Sneon 16 jannewaris fan 8.30 oere ôf de hynstekeuring op Omrop Fryslân Telefyzje en www.omroplive.nl. De hichtepunten fan de hynstekeuring wurde op snein 17 jannewaris om 10.00, 12.00 en 14.00 oere werhelle yn in twa oeren duorjende útstjoering.

Sjoggers kinne sneon reagearje fia sms: 06 20 499 199 en twitter: #HK2016. Mear ynformaasje oer it programma fan de hynstekeuring en Fri(e)sian Proms is te finen op www.kfps.nl.

Noat foar de redaksje
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876 / 06 14 23 98 34 en mei Marijke Akkerman fan KFPS: 06 122 89 683.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)