Hokker bedriuw wurdt de Fryske ûndernimming fan 2015?

15 apr 2015 - 16:23

De finale fan de 25ste ferkiezing live op Omrop Fryslân Televyzje

Grinzen ferlizze. Dat is it tema fan de ferkiezing fan de Fryske ûndernimming fan 2015.
Wa’t de winner en dêrmei de Fryske ûndernimming fan it jier wurdt, is te sjen op Omrop Fryslân Televyzje. De finale fan de ferkiezing is op tiisdei 21 april fan 18.20 oere ôf live te folgjen. De trije nominearre bedriuwen binne: DMT Environmental Technology fan De Jouwer, Fotocadeau.nl út Kollum en Ventura Systems út Boalsert.

DMT ûntwerpt wettersuverings- en gasbehannelingsynstallaasjes en timmeret dêrmei oan de wei yn binnen- en bûtenlân. Fotocadeau.nl is in jong ynnovatyf bedriuw dat foto’s ôfdrukt op ûnder oaren kanvas en hout. Ventura Systems makket doarsystemen fan hege kwaliteit foar bussen, metro’s en trammen.

As tema foar de ferkiezing is keazen foar ‘grinzen ferlizze’, omdat ûndernimmen alles te krijen hat mei it stellen en ferlizzen fan grinzen. Mei dat tema giet de ferkiezing ek letterlik de grins oer. De finale fan de 25ste Ferkiezing Fryske Undernimming fan it Jier wurdt nammentlik yn it Drintske Havelte hâlden by de Johannes Postkazerne. De presintaasje is yn hannen fan Miranda Werkman. Kommissaris fan de Kening John Jorritsma makket de winner bekend.

De sjuery bestiet dit jier út: sjueryfoarsitter Hans Konst (Deputearre fan de provinsje Fryslân), Diana Monissen (Bestjoersfoarsitter fan De Friesland Zorgverzekeraar), Cees Bijl (Boargemaster fan Emmen) en Hans Snijder (Haadredakteur fan de Ljouwerter Krante).

Sjoch foar mear ynformaasje op http://www.verkiezingfrieseonderneming.nl/ en www.omropfryslan.nl/programma/undernimming-fan-it-jier.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân. Tel. 058 299 7876 / 06 14 23 98 34.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)