Harkemase Boys - Staphorst live by Omrop Fryslân

12 maaie 2015 - 09:55

Sneon 16 maaie live op Omrop Fryslân Radio en Televyzje

De finale om de Noardlike distriktsbeker tusken Harkemase Boys en Staphorst is op sneon 16 maaie live by Omrop Fryslân te folgjen. Fan 16.45 oere ôf docht Omrop Fryslân op televyzje en radio live ferslach fan de fuotbalwedstriid op sportpark De Bosk yn Harkema.

It is de earste kear dat Harkemase Boys en Staphorst elkoar treffe yn de finale fan it bekertoernoai. De fuotbalklup út Harkema helle al sân kear earder in plak yn de finale en wûn de beker fiif kear. Foar Staphorst is it de twadde kear dat de klup yn de finale om de Noardlike distriktsbeker stiet.

De wedstriid Harkemase Boys – Staphorst begjint op sneon 16 maaie om 17.00 oere. De útstjoering op televyzje is fan 16.45 oere ôf te sjen. Geert van Tuinen presintearret de live-útstjoering mei Volendamkeeper Theo Timmermans as analist en wedstriidkommintaar fan Roelof de Vries. Op Omrop Fryslân Radio docht Koos Wieling ferslach fan de fuotbalwedstriid.

De live-útstjoerings binne ek online te folgjen fia de app en de webside fan Omrop Fryslân. Op snein 17 maaie om 13.00 oere wurdt de wedstriid werhelle op Omrop Fryslân Televyzje.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)