Haadredakteur Omrop Fryslân nei RTL

01 okt 2014 - 10:49

Haadredakteur Diederik Bonarius nimt ôfskied fan Omrop Fryslân. Bonarius hat in baan oannommen by RTL Nederlân. Hy sil dêr fan 1 novimber ôf de funksje besette fan sjef binnenlân/nijstsjinst fan RTL Nieuws. Bonarius is yn septimber 2012 by de Omrop begûn, earst yn de rol fan ynterim haadredakteur. Omrop-direkteur Jan Koster fynt it spitich dat Bonarius fuortgiet, mar respektearret syn beslút.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei Jan Koster, direkteur fan Omrop Fryslân: tel. 06 20 96 72 66.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)