Groei harksifers Omrop Fryslân set troch yn 2016

23 mrt 2016 - 13:24

Hieltyd mear minsken harkje nei Omrop Fryslân Radio. De harksifers fan de Omrop sitte sûnt july 2015 yn de lift. De opgeande line hâldt ek yn de earste moannen fan 2016 oan. Dat docht bliken út de nijste mjittingen. Omrop Fryslân bliuwt fierwei merklieder yn Fryslân.

Yn de lêste mjitting fan de harksifers, oer jannewaris en febrewaris, is de posysje fan Omrop Fryslân op ‘e nij sterker wurden. De harksifers sitte yn de lift sûnt Omrop Fryslân ferline jier in nije radioprogrammearring trochfierde. Yn de twadde helte fan foarich jier giene de harksifers hieltyd fierder omheech. Dy groei set ek yn 2016 troch, sa docht bliken út mjittingen oer jannewaris en febrewaris. Omrop Fryslân is mei ôfstân merklieder yn Fryslân.

Haadredakteur Klaas Geert Bakker: “Wy wolle mei ús programmearring in brede doelgroep berikke. Dat de fernijing fan de programmearring wurdearre wurdt troch de harkers sjochst werom yn de sifers. Wy hoopje ek de kommende moannen de opgeande line fêst te hâlden mei moaie programma’s en útstjoeringen oer eveneminten lykas de Fytsalvestêdetocht, de Loftmachtdagen en De Slachte.”

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)