Gouden Spiker Festival live by Omrop Fryslân

19 apr 2017 - 15:36

Leafhawwers fan blaasmuzyk kinne kommende sneon, 22 april, fia Omrop Fryslân live meigenietsje fan it Gouden Spiker Festival yn Oerterp. It festival foar amateurorkesten wurdt fan 9.00 oere ôf de hiele dei útstjoerd fia in livestream op Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

Op de measte muzykfestivals en konkoersen trede orkesten op dy’t op in heger nivo spylje. Op it Gouden Spiker Festival is dat oars, dêr binne it de amateurorkesten en doarpskorpsen dy’t ‘yn de spotlights steane’. Stichting Culturele Activiteiten Opsterland (SCAO) organisearret it Gouden Spiker Festival jierliks foar brassbands en fanfaren dy’t útkomme yn de 5e, 4e en 3e difyzje. Dêrnjonken is der op it festival ek plak foar jeugdorkesten, orkesten dy’t net kompleet binne en groepen dy’t mei-inoar spylje. Sy dogge mei oan de festivaldifyzje. Yn totaal trede mear as 50 orkesten op, mei in romme fertsjintwurdiging út Fryslân. Mear ynformaasje oer it festival is te finen op Goudenspikerfestival.nl.

Omrop Fryslân makket sneon ek opnamen dy’t letter werom te hearren binne fia it non-stop online kanaal Omropfryslan.nl/koperkanaal en fia it radioprogramma Koperkanaal FM op sneintemoarn fan 6.00 oant 8.00 oere op Omrop Fryslân, 92.2FM. Koperkanaal is der spesjaal foar leafhawwers fan de muzyk fan harmony, fanfare en brassband.
 

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)