Gouden finyl by Omrop Fryslân

24 mrt 2016 - 15:57

De kompjûter de doar út en alle muzyk draaie fan orizjineel, glânzjend swart finyl: dat is de opset fan de Gouden finylmiddei. Op peaskemoandei sit presintator Geert van Tuinen klear yn de radiostudio fan Omrop Fryslân om nostalgyske platen te draaien. Elkenien dy’t noch âlde LP’s (op ‘e souder) hat, is moandei 28 maart fan 13.00 oant 18.00 oere fan herte wolkom by Omrop Fryslân.

De Gouden finylmiddei stiet folslein yn it ramt fan muzyk út de jierren 60, 70 en 80. Presintator Geert van Tuinen draait finylplaten dy’t troch de ynwenners fan Fryslân brocht wurde. Oft it no jazz is, blues of rock: alles is wolkom. By dy platen hearre ek moaie ferhalen. Yn de Gouden finylmiddei hearre we de ferhalen dy’t oan sa’n plaat ferbûn binne.

Geert van Tuinen ûntfangt ûnder oaren Martin van der Velde, âld-diskjockey fan bekende diskoteken lykas La Bella en Vat ’69 yn Ljouwert en Montybar yn Berltsum. Fansels nimme sy beide har âlde singletsjes mei.

De Gouden finylmiddei is fan 13.00 oant 18.00 oere live te folgjen op Omrop Fryslân Telefyzje, Radio en de Omrop app.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)