Gearwurking Omrop Fryslân, RTV NOF en RTV kanaal 30

19 jul 2017 - 14:49

Omrop Fryslân en de lokale omroppen RTV NOF (Dantumadiel, Dongeradiel en Kollumerlân) en RTV kanaal 30 (Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel) hawwe woansdei 19 july in gearwurkingsoerienkomst ûndertekene. Dat wie by alle trije de stjoerders live te folgjen op ‘e radio. De omroppen sille ûnder oare gearwurkje by kalamiteiten, nijsûnderwerpen en eveneminten.

Doel fan de gearwurking is it fan wjerskanten beheljen fan foardielen en it fersterkjen fan de sjoernalistyk yn de regio. Sa wolle de trije omroppen bygelyks ûnderwerpen en bydragen útwikselje. Ek kin gebrûk makke wurde fan inoars meiwurkers en fasiliteiten by berjochtjouwing, projekten en eveneminten. Dat wurdt yn septimber al dien by it evenemint Admiraliteitsdagen yn Dokkum.

Omrop Fryslân is de kalamiteitestjoerder fan Fryslân en de útstjoering kin by needsituaasjes rjochtstreeks trochsetten wurde op de stjoerders fan RTV NOF en RTV kanaal 30. Ek kinne dan ferslachjouwers fan de beide lokale stjoerders ynsetten wurde. De omroppen sjogge fierders noch nei oare mooglikheden fan gearwurking, lykas it oplieden fan meiwurkers troch Omrop Fryslân.

“We binne allegearre tige bliid mei de gearwurking”, sa seit bestjoersfoarsitter Lutske van der Wal fan RTV kanaal 30: "It jout ús ekstra mooglikheden om de harker en sjogger noch better en rommer te ynformearjen oer wat him ôfspilet yn syn of har direkte omjouwing.”
Herman de Hoop, bestjoersfoarsitter fan RTV NOF: “Wy dogge al jierren de tv-registraasje fan de Admiraliteitsdagen.Troch dizze gearwurking hawwe ús frijwilligers bettere fasiliteiten en ek kwa oplieding kinne se sa better wurde.”
Neffens haadredakteur Klaas Geert Bakker fan Omrop Fryslân kin de Omrop it publyk mei de bydragen fan de lokale omroppen noch better betsjinje: ”Dy berjochtjouwing komt út it hert fan de mienskip. Dêrnjonken litte wy troch gearwurking sjen dat wy as publike organisaasje ús finânsjes sa effisjint mooglik brûke wolle.”

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 78 76. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)