Gearwurking Omrop Fryslân en Omroep MAX

28 jun 2017 - 08:40

Omrop Fryslân en Omroep MAX sille mei-inoar in deistich programma oer it SKS Skûtsjesilen meitsje. Dat programma wurdt útstjoerd op de NPO. It giet om in gearfetting fan de wedstriid en de sfear dêromhinne.  

Beide omroppen binne bliid mei de gearwurking. Haadredakteur Klaas Geert Bakker fan Omrop Fryslân: “Wy wiene al langer op syk nei in lanlike gearwurkingspartner by it skûtsjesilen en binne bliid dat wy dy fûn hawwe yn Omroep MAX. Sa kinne wy wat meitsje oan (live) telefyzje rûn it skûtsjesilen ek oan in breder, lanlik publyk toane.”

Ek direkteur Jan Slagter fan Omroep MAX sjocht in soad foardielen yn de gearwurking: “Wij zijn al langer geïnteresseerd in het skûtsjesilen, zo hebben we onlangs ook een documentaire over het skûtsje van Leeuwarden gemaakt. Die zenden we uit op zaterdag 5 augustus (20.20 oere op NPO 2), op de eerste dag van de SKS Skûtsjesilen. Het is fantastisch dat we daarna dagelijks kunnen laten zien wat het skûtsjesilen is en hoe prachtig dat eruit ziet.”

De SKS sjocht yn de gearwurking in goede mooglikheid om mei it skûtsjesilen in grutter publyk te berikken. “Wy binne mei Omrop Fryslân en Omroep MAX yn oerlis oer de útfiering fan dit plan”, seit SKS-bestjoerslid Hilda Boesjes-Beljon. 

De útstjoertiid fan it programma is noch net krekt bekend. Omrop Fryslân en Omroep MAX sille hjir noch oer gear.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 78 76. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)