Fryslân Hjoed: it lêste nijs en eftergrûnen

02 sep 2016 - 11:06

It lêste nijs út Fryslân wurdt fan 12 septimber ôf brocht yn in nij telefyzjeprogramma: Fryslân Hjoed. Dêryn wurdt it nijs op in oare wize besjoen en is der gelegenheid om mear oandacht te besteegjen oan it nijs. Troch bygelyks langere reportaazjes, live ferbiningen, studiopetearen en eigen spesjalisten.

“Nijs ferspraat him tsjintwurdich tige fluch, wy krije it de hiele dei mei fia radio, webside en app. As Fryslân Hjoed om 17.00 oere begjint, binne de measte minsken al op ‘e hichte fan de wichtichste foarfallen yn Fryslân. Wy sjogge fierder, beljochtsje ferskate kanten en heakje sa wat ta oan it nijs. Sadat it programma sawol oantreklik is foar minsken dy’t it nijs op de foet folge hawwe, as foar minsken dy’t noch graach bypraat wurde wolle. Alles wat Fryslân dwaande hâldt komt oan bar”, seit haadredakteur Klaas Geert Bakker.

Fryslân Hjoed wurdt presintearre troch in team fan fertroude en nije gesichten: Arjen de Boer, Roelof Lousma, Afke Boven, Suzanne van Zwam en Timo Jepkema. It programma is ûnderdiel fan de nije telefyzjeprogrammearring fan Omrop Fryslân, dy’t op 12 septimber begjint.

Noat foar de redaksje/útnûging foar de parse:

Wy bringe jo graach op ‘e hichte fan alle fernijingen mei in spesjale presintaasje op tongersdei 8 septimber fan 13.00 oant likernôch 14.15 oere by Omrop Fryslân, Suderkrúswei 2 yn Ljouwert.

De folsleine nije programmearring wurdt taljochte troch presintatoaren en makkers. En fansels litte wy jo ek it nije dekôr yn de telefyzjestudio sjen.

Jo binne fan herte wolkom om de presintaasje by te wenjen. Graach sjogge wy jo oanmelding temjitte op mk@omropfryslan.nl of telefoanysk fia 058 299 7876. Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fia de boppesteande kontaktmooglikheden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)