Fryslân DOK - Wynpark Fryslân

28 maaie 2014 - 14:58

Fryslân DOK op snein 8 juny

Neffens in protte wittenskippers giet it net goed mei it klimaat. De CO2 útstjit is te heech en de ierde waarmet hieltyd mear op. Europa hat dêrom it doel steld dat 14% fan alle ferbrûkte enerzjy yn 2020 duorsum wêze moat.

Wynenerzjy leveret in wichtige bydrage oan it útfieren fan dy doelstelling. Foar Nederlân betsjut dit, dat yn 2020 alle wynmûnen op lân in totaal fermogen fan 6.000 megawatt hawwe moatte. Allinne dan kin de doelstelling helle wurde. Mei dat fermogen kinne 3,6 miljoen húshâldens fan elektrisiteit foarsjoen wurde. Fryslân moat 530,50 megawatt bydrage.

Fryslân DOK stekt de noas yn de wynenerzjy en praat mei haadrolspilers yn de libbendige diskusje oer it pleatsen fan megamûnen op lân en yn de Iselmar.

Fryslân DOK: Wynpark Fryslân
Snein 8 juny om 17:00 oere en dêrnei fan 18:10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 7 juny om 10:25 op Nederlân 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876 / 06 14 23 98 34.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)