Fryslân DOK - Wrâldkriich 1

18 sep 2014 - 11:16

Fryslân Dok op snein 28 septimber

Dit jier is it hûndert jier lyn dat de Earste Wrâldoarloch útbruts. Nederlân focht net mei, mar der folge wol in mobilisaasje. Yn Gaasterlân waarden trijetûzen flechte Belgyske soldaten ûnderbrocht. Foar de mobilisaasje waarden net folle middels beskikber steld. It gefolch wie dat de omstannichheden foar alle oproppen soldaten net goed, sis mar gerêst min wiene. De Nationale Bond van Mobilisatieslachtoffers hat letter gelokkich noch wat jild frij krije kinnen foar in earbetoan.

Grutte man achter it bûn wie Pieter de Boer fan Drachten. Hy is te sjen op âlde bylden dy’t fan syn striid makke binne. De Boer hat him ynset foar in nasjonaal monumint foar mobilisaasjeslachtoffers yn Drachten. It klokkespul dat dêrby hearde, stiet no fergetten yn Heiligerlee.

Fryslân DOK: Wrâldkriich 1
Snein 28 septimber om 17:00 oere en dêrnei fan 18:10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 27 septimber om 10:30 oere NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)