Fryslân DOK - Us Mem, en de dûns om it gouden keal

07 jun 2016 - 12:56

Mei iuwenâlde kennis en fakmanskip kreëarren generaasjes fan fokkers de ideale molkko. It byld dêrfan, Us Mem, waard yn 1954 kado dien oan it 75-jierrige Frysk Rundvee Stamboek. De ko fan no is lykwols in oare ko as it bist dat model stie foar it bekende byld. Ek al liket de ko dy’t no by melkfeehâlders op stâl stiet noch altyd op Us Mem, tagelyk is hja enoarm feroare.

Us Mem wie in de jierren fyftich al net mear sa ideaal. Yn Amearika rûnen kij dy’t twa kear safolle molke joegen as de Frysk-Hollânske swartbûnte. Neffens in pear jonge boeren stipe it byld fan de ideale ko allinnich mar de finansjele posysje fan de fokkers dy’t it by it FRS foar it sizzen hiene, en net dy fan de Fryske melkfeehâlder.

Dêrnei hat de tiid net mear stilstien. Kij wurde hjoed-de-dei kreëarre op basis fan DNA- ûndersyk, keppele oan Big Data. Se binne de frucht fan in topko en in topbolle dy’t fia embryotransplantaasje by draachmemmen op ‘e wrâld komme.

De belofte fan de genetika is dat de ko fan de takomst hielendal makke wurdt nei de winsk fan de minske en de wrâldmerk. Dat is net oars as yn de tiid fan Us Mem, mar wol mei hiele oare techniken.

Fryslân DOK: Us Mem - en de dûns om it gouden keal
Snein 19 juny fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 18 juny om 15.30 oere en snein 19 juny om 13.05 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)