Fryslân DOK - Sjoch, der leit wat op ‘e dyk...

04 des 2014 - 15:16

Fryslân DOK op snein 14 desimber 2014

Koartlyn ferstoar poppespiler Feike Boschma fan Ysbrechtum (1921-2014). Hy waard wrâldferneamd as marionettespiler en teatermakker. Omrop Fryslân herhellet snein dêrom de film ‘Sjoch, der leit wat op ‘e dyk...’ út 2003.

It idee foar dizze film ûntstie doe’t Omrop Fryslân-regisseur Piter Tjeerdsma ein 1999 in tv-portret makke fan poppespiler Feike Boschma. Nei’t se troffen waarden troch de wikselwurking fan marionet en kamera skreaune se tegearre it senario. De film kin sjoen wurde as it libbensferhaal fan Boschma, dy’t yn 1921 yn Ysbrechtum berne waard en letter nei Amsterdam ferhuze.

‘Sjoch, der leit wat op ‘e dyk…’ is in filmgedicht fan bylden en assosjaasjes, mei teksten fan Fryske dichters en muzyk fan komponist Cees Bijlstra. It ferhaal giet oer in hoed dy’t weromkeart nei it plak dêr’t er wei komt, mar syn âlde omjouwing net mear herkent. Mar ek de omjouwing kent de hoed net mear. De opnames binne makke yn de simmer fan 2003 op ferskate lokaasjes yn Fryslân en Frankryk, dêr’t Boschma in part fan it jier tahold.

Fryslân DOK: Sjoch, der leit wat op ‘e dyk...
Snein 14 desimber om 17:00 oere en dêrnei fan 18:10 oere alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 13 desimber om 10:20 oere op NPO 2.
__________________________________________________________________________
Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)