Fryslân DOK - Rûchhouwers (2) Libje foar de cross

03 jun 2015 - 09:41

Fryslân DOK op snein 14 juny

Rûchhouwers, dat binne it. Allegearre op harren eigen manier, de rûge figueren dy’t oan ferskate soarten autocross dogge. Yn Fryslân lûke autocross-eveneminten alle simmers in soad leafhawwers. Programmamakker Wilfried Bijma besjocht yn Fryslân DOK de sport fan tichteby. Wêrom is autocross sa populêr en watfoar minsken crosse der eins?

De Stockcar F1 is in bûtengewoane raceklasse. De selsboude stockcars hawwe somtiden mear as 600 pk. Yn de twadde ôflevering fan ‘Rûchhouwers’ wurdt Willem Sieger de Vries folge. Willem is Nederlânsk kampioen Stockcar en pleatste him dêrmei foar de wrâldkampioenskippen yn it Ingelske Coventry. Tusken de tsientûzen taskôgers fan dizze spektakulêre World Final binne alle jierren wer in soad Fryske crossers en fans.

Yn twa ôfleverings sketst de dokumintêre ‘Rûchhouwers’ in yngeand byld fan ferskate Fryske Banger- en Stockcar F1-riders. Om de dokumintêre te realisearjen is begjin ferline jier mei in crowdfunding-aksje 15.000 euro ophelle. Mear ynformaasje oer de dokumintêre is te finen op www.ruchhouwers.nl en op www.facebook.com/Ruchhouwers.

Fryslân DOK: Rûchhouwers (2)
Snein 14 juny om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 13 juny om 15.40 oere en snein 14 juny om 12.25 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei programmamakker Wilfried Bijma: tel. 06 5106 8758 of de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)