Fryslân DOK - Rjocht op herstel

21 mrt 2017 - 13:40

De maatskippij ferhurdet, it lûd oer swierdere straffen klinkt oeral, mar der binne ek tsjinlûden. Lykas it alternatyf foar it hjoeddeiske strafrjocht: it herstelrjocht. Nei in misdriuw komme slachtoffer en dieder ta in hersteloerienkomst. Wat troch it misdriuw stikken makke is moat troch de dieder, op oanjaan fan it slachtoffer, makke wurde: alle skea, alle leed.

“Der is noch nea immen better út in finzenis kommen”. Dat is in opmerking fan Herman Bianchi, de yn 2015 ferstoarne heechlearaar kriminology. Bianchi hat syn hiele karriêre fochten foar it herstelrjocht. It slachtoffer kriget deryn in folle gruttere rol: foldwaning en fersoening stean foarop.

Skriuwer en kriminolooch Simon Vuyk studearre yn 1984 ûnder Bianchi ôf oan de Vrije Universiteit. Yn de tiid fan syn stúdzje kaam Vuyck in soad yn Lollum, dêr’t Bianchi in grut part fan syn libben wenne. Yn it Fryske doarp ûntwikkele Bianchi syn ideeën. De frijheid en rêst wienen him leaf en ynspirearren him. Yn Ljouwert sit de stichting Herstelrecht dat it gedachteguod fan de heechlearaar foartset. Yn Fryslân DOK siket Simon Vuyk nei de driuwfearen fan Bianchi en hoe’t it herstelrjocht wurket.

Is it altyd mooglik, wat binne de foardielen en hoe soe herstelrjocht in better plak krije kinne yn it strafrjocht? Advokaat Hans Anker en bemiddeler Reino Meinema jouwe harren fyzje op dizze foarm fan rjocht. En wat fine de slachtoffers en neibesteanden fan misdriuwen fan it herstelrjocht? Fersoening yn plak fan ferjilding? Ek Bauke Vaatstra, heit fan de fermoarde Marianne Vaatstra, praat dêroer yn ‘Rjocht op herstel’.

Fryslân DOK - Rjocht op herstel:
Snein 2 april om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân. Ek te sjen op sneon 1 april om 15.30 oere en snein 2 april om 13.00 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)