Fryslân DOK - Reade Skries

09 feb 2016 - 14:20

De komposysje ‘Reade Skries’ ûntstie yn 2007 yn Mauritanië, doe’t in deuntsje wer wat libben yn in sike fûgel brocht. Komponist Sytze Pruiksma en trekfûgelekolooch Theunis Piersma fûnen doe in reade skries dy’t neat hawwe woe. Doe’t Pruiksma op in kalimba spile, in lyts tommeharpke, woe de fûgel wer drinke. Ut it deuntsje ûntstie de komposysje Birds & Brass.

Pruiksma makket him soargen oer de ferskraling fan it Fryske lânskip troch de yntinsive melkfeehâlderij. Hy sjocht dat de skries, in typyske boerelânfûgel, it dreech hat. Yn tweintich jier tiid is it tal briedende pearkes yn Súdwest-Fryslân mei mear as 100.000 weromrûn. Ferlies fan fûgels betsjut ferlies fan kultuer, want wat binne wy sûnder fûgellûden yn in blomryk lânskip? Is der in relaasje tusken de ferskraling fan it kultuerlânskip en de muzykkultuer?

Doe’t Pruiksma op syk wie nei in pilot foar syn ‘Birds & Brass’-projekt kaam de Federatie van Opsterlandse Muziekverenigingen (FOM) op syn paad. Dy woe krekt de HaFaBra-kultuer, dy’t sterk woartele is yn Fryslân, mear ûnder de oandacht bringe. Dêrmei moat de tebekrinnende ynstream fan jonge muzikanten keard wurde, no’t der flink besunige wurdt op muzykûnderwiis op skoallen. It resultaat: ein jannewaris hawwe njoggen harmony-orkesten en brassbands út it Fryske Opsterlân ‘Birds & Brass’ útfierd.

‘Birds & Brass’ is in ûnderdiel fan it projekt ‘Kening fan ‘e Greide’. Boeren, wittenskippers en keunstners geane dêryn de ferskraling fan it lân tsjin mei as doel it werombringen fan de skries. ‘Kening fan ‘e Greide’ is ûnderdiel fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018.

Fryslân DOK: Reade Skries
Snein 21 febrewaris om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 20 febrewaris om 15.30 oere en snein 21 febrewaris om 13.00 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)