Fryslân DOK - Piet Paulusma yn Moreel Kompas

11 des 2014 - 15:55

Fryslân DOK snein 21 desimber 2014

Dizze wike yn Fryslân DOK in werhelling fan Moreel Kompas. Yn de ôflevering is waarman Piet Paulusma te gast. In boeiend petear mei antwurden op fragen oer it hoe en wat fan it libben.

Je groeie op yn in oersichtlike wrâld fan rjocht is rjocht en krom is krom en je krije fan hûs út in set wearden mei dêr’t je net omhinne kinne. Mar geandewei feroaret dy wrâld, en sels feroarje je mei. Antwurden binne oan de tiid ûnderhevich en foldogge op in bepaald stuit net mear. De fraach is: hoe rêde wy ús mei wat wy meikrije en wat it libben ús bringt? Hoe meitsje wy karren, wat is dêrby ús kompas en wat hâldt ús dêrby op koers?

It binne allegear fragen dy’t wy stelle oan Piet Paulusma. Wat driuwt him as it giet om it meitsjen fan karren yn syn libben? Soe er de kar om waarman te wurden wer meitsje, as er it op ‘e nij dwaan mocht? Wat binne de noarmen en wearden dy’t Piet Paulusma meikrigen hat en wat hat er dêrmei dien yn syn libben? It nijsgjirrige petear mei antwurden op al dizze fragen, sjogge jo tiisdei yn Moreel Kompas.

Fryslân DOK – Piet Paulusma yn Moreel Kompas
Snein 21 desimber om 17:00 oere en dêrnei fan 18:10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 20 desimber om 10:30 oere op NPO 2 en op snein 21 desimber om 15.30 oere.

Dizze dokumintêre is earder útstjoerd op snein tiisdei 4 desimber 2012.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)