Fryslân DOK - Nynke-Rixt Jukema en Feel the Night

01 des 2015 - 12:36

Fryslân DOK op snein 13 desimber

‘Feel the Night’ wie ien fan de earste programma’s fan Kulturele Haadstêd Ljouwert 2018. It krige grutte wurdearring fan de Europeeske beoardielingskommisje. Yn it programma ûndersiket de Fryske arsjitekte Nynke-Rixt Jukema de betsjutting fan it tsjuster en de nacht foar it lânskip, de minske en de bisten.

Yn dizze Fryslân DOK wurdt Nynke-Rixt folge nei har bertehûs yn Swarte Hoanne, flak ûnder de Waaddyk yn Noard-Fryslân. Ien fan de tsjusterste plakken fan Nederlân. Eartiids fûn sy dêr it paad op rook en gehoar. Wilens har stúdzje arsjitektuer yn Delft ûntduts sy ta har fernuvering dat der allinnich mar omtinken wie foar ljocht yn gebouwen. Ljocht hie in artistike en ekonomyske wearde, tsjusterte net.

Nynke-Rixt wol de appresjaasje foar it tsjuster werombringe yn Fryslân. Se praat mei doarpen om ‘Duisternisdorp’ of ‘Skimerdoarp’ te wurden: minder lantearnpeallen en oar ljocht dat ek foar bygelyks flearmûzen en nachtflinters noflik is. In dokter wurdt frege nei de betsjutting fan tsjusterte foar de sliep en de hormoanhúshâlding. Fierder giet Nynke-Rixt nei yndustriële plakken mei in soad ljocht yn de nacht, lykas in distribúsjesintrum fan PostNL en in stasjon op it plattelân dêr’t de hiele nacht in protte ljocht baarnt, wylst der gjin trein mear komt.

Fryslân DOK: Nynke Rixt Jukema en Feel the Night
Snein 13 desimber om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 12 desimber om 15.35 oere en snein 13 desimber om
12.25 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)