Fryslân DOK - Molkdilemma yn Afrika

29 sep 2015 - 07:15

Fryslân DOK op snein 18 oktober

Yn dizze Fryslân DOK bringt in folslein Frysk team in besite oan it Afrikaanse lân Oeganda. It team, besteande út in boer, in foarljochter, in feedokter en in lânboukundige, docht in tal alarmearjende ûntdekkingen.

De ieuwenâlde ynlânske feerassen yn Oeganda binne kruse mei Holstein-Friese kij om de molkproduksje te ferheegjen, mar de bisten hawwe minder wjerstân. Se binne ekstra gefoelich rekke foar earnstige feesykten lykas de faak deadlike East Coast Fever.

Om net grutte dielen fan harren feebeslach te ferliezen, bespuitsje de Oegandeeske boeren de kij út foarsoarch mei ynsektisiden dêr’t de gearstalling faak net bekend fan is. Dat soarget foar in ekologyske ramp yn de greidegebieten. Bijen, flinters en fûgels dy’t de ynsekten ite, ferdwine.

Siik fee kriget antibioatika, dat goedkeap en sûnder resept te krijen is. Mikro-organismen wurde der sadwaande ek hieltyd resistinter tsjin. Saakkundigen foarsizze om 2020 hinne miljoenen deaden yn Afrika en Azië ta gefolch. Ek rint de kwaliteit fan it iten tebek om’t yn de konsumpsjemolke resten fan antibioatika en ynsektisiden sitte.

‘Molkdilemma yn Afrika’ waard mei mooglik makke troch Omrop Fryslân, Dutch Farm Experience en Oxfam Novib. It ûndersyk fûn plak yn it ramt fan it E-Motive útwikselingsprogramma fan Dutch Farm Experience en Oxfam Novib.

Dutch Farm Experience wiidt twa byienkomsten mei politisy en boeren oan dit ûnderwerp, wêrfan de earste op tiisdei 29 septimber yn Den Haag op it Ministearje fan Ekonomiske Saken. De twadde fynt plak op tongersdei 1 oktober yn Zwolle foar boeren út de trije Noardlike provinsjes. De dokumintêre wurdt op dizze byienkomsten fertoant.

Fryslân DOK: Molkdilemma yn Afrika
Snein 18 oktober om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 17 oktober om 15.35 oere en snein 18 oktober om 12.25 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876 of mei programmamakker Thom Verheul: thomverheul@gmail.com.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)