Fryslân DOK - In libben lang Feike

27 nov 2014 - 13:13

Fryslân DOK op snein 7 desimber 2014

Koartlyn ferstoar poppespiler Feike Boschma fan Ysbrechtum (1921-2014). Hy waard wrâldferneamd as marionettespiler en teatermakker. Omrop Fryslân herhellet snein dêrom de dokumintêre 'In libben lang Feike' út 2011.

Poppespiler Feike Boschma fan Ysbrechtum begûn syn karriêre by Wim Sonneveld. Hy waard ynspirearre troch dichter Lorca en keunsteneres Cilly Wang. Hy waard wrâldferneamd mei syn poppen en krige yn 1983 de Wim Meilinkpriis foar syn oeuvre. Yn syn wurk floeie moderne dûns, byldzjende keunst en teater gear.

Fanwege syn 90ste jierdei yn 2011 makke it Theater Instituut Nederland in website oer him yn de rige ‘eenlevenlangtheater.nl’. Dat is in soarte fan earegalery fan grutte teaterminsken lykas Ko van Dijk, Fien de La Mar en Ramses Shaffy. Fryslân DOK socht de ynternasjonaal ferneamde poppespiler op en prate mei minsken mei wa’t er wurke, lykas de Grykske komponist Iraklis Paskalidis en ‘Funhouse’-oprjochter Rob van Houten.

Fryslân DOK: In libben lang Feike
Snein 7 desimber om 17:00 oere en dêrnei fan 18:10 oere alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 6 desimber om 10:30 oere en op snein 7 desimber om 15:30 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)