Fryslân DOK - Jo ha gelyk

06 nov 2014 - 13:20

Fryslân DOK op snein 16 novimber

Ald-direkteur Ate de Jong fan antidiskriminaasjeburo Tûmba is mei pensjoen. Mar dat betsjut net dat er stil sit. De Jong is syn hiele libben al aksjefierder, en dêr hâlde je nea mei op. It sit yn him. Op in bankje mei in buordsje “jo ha gelyk” fertelt hy dêroer yn Fryslân DOK.

Yn dit portret oereidet Ate de Jong syn libben. Syn mem mei wa't er net goed oerwei koe. It resolút wegerjen fan militêre tsjinst. En it aksjefieren by it Frysk Anti Faksisme Komitee. Mar benammen giet it oer Tûmba. By dit sintrum foar lykberjochtiging wie hy direkteur.

Tûmba socht mei ludike aksjes de publisiteit. It doel wie de mienskip op it goede spoar te krijen. Ate de Jong betocht dy aksjes faak, want eins is hy sjoernalist en sadwaande wit er hoe't de publike opiny wurket. De Jong fertelt oer de wjerslach dy't syn wurk op him hân hat.

Fryslân DOK: Jo ha gelyk
Snein 16 novimber om 17:00 oere en dêrnei fan 18:10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 15 novimber om 10:25 oere en snein 16 novimber om 15:30 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)