Fryslân DOK - Itensiede foar goud

29 jan 2015 - 14:36

Fryslân DOK op snein 8 febrewaris 2015

Twa jier lang is hy dwaande mei de tariedings foar in wedstryd fan krapoan seis oeren. Jan Smink, topkok út Wolvegea. Syn doel: mei Lars Aukema fan De Jouwer in topprestaasje delsette op de Bocuse d'Or, it wrâldkampioenskip itensieden yn Lyon.

Smink sette der alles foar oan de kant. Syn plande houlik mei syn freondinne Anne Jonkers waard útsteld en hy stapte op as sjefkok by Kookstudio Kwartier-Noord. Hast obsessyf wie er dwaande mei de tariedings op de wedstryd. In skriuwblok neist it bêd foar goede ideeën en alle frije tiid brûke om saken te ferbetterjen.

Omrop Fryslân folge team Nederlân yn de lêste moanne foar de wedstryd. In team fan Friezen, yn de lêste moanne fol dramatyk. Want Lars Aukema waard útskeakele nei’t in oven op syn hân foel. In dokumintêre fan Hayo Bootsma en kameraman Dirk Hofstede.

Fryslân DOK: Itensiede foar goud
Snein 8 febrewaris om 17:00 oere en dêrnei fan 18:10 oere alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 7 febrewaris om 15:35 oere en snein 8 febrewaris om
12.25 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)