Fryslân DOK - It geheim fan de Hollanderwyk

07 maaie 2015 - 14:19

Fryslân DOK op snein 17 maaie

Dit jier bestiet de Hollanderwyk yn Ljouwert hûndert jier. Midden yn it sintrum fan de stêd, fuort efter it stasjon, is de wyk mei in monumintestatus te finen. De 177 wenningen binne net yn rjochte rychjes boud, mar by krûme strjitten lâns. Yn 1915 wie de wyk gelyk al tige populêr en noch hieltyd binne der lange wachtlisten foar in hûs yn de Hollanderwyk. Omrop Fryslân makke yn 1990 in televyzjeportret oer de wyk. No 25 jier letter siket Fryslân DOK de bewenners wer op.

Jaap Braaksma wie yn 1990 foarsitter fan de wykferiening. Hy fertelde op de nijjiersresepsje dat de wykferiening der in lid by hie: dy nacht wie Braaksma heit wurden fan in dochter. Dochter Jildou wennet no in strjitte fierderop. Beide komme oan it wurd oer harren wyk. Ek Thom Sandijck wennet noch hieltyd yn de Hollanderwyk. Hy wit en sammelet alles oer de skiednis fan de wyk. Syn hûs is dan ek troch de tiid hinne in soarte fan wykmuseum wurden. En molkboer Piet Inia komt al 47 jier mei syn molkwein, ek wol it ridende buerthûs neamd, yn de wyk.

Yn de Hollanderwyk stiet in grut ferskaat oan wenningen en dat makket de wyk minder saai as oare nijbouwiken fan nei de oarloch. Arsjitekt W.C. de Groot makke in fernimstich patroan fan krûme strjitten, paadsjes, hagen, pleintsjes en grienstroken.

It hûndertjierrich jubileum fan de wyk wurdt it hiele jier troch fierd mei ûnder oare QR-koades ûnder de húsnûmers fan alle 177 hûzen. Sa kinne foarbygongers mei harren mobile tillefoan ynformaasje oer de skiednis fan it hûs besjen. Dat moat de sosjale kontakten tusken de bewenners en foarbygongers stimulearje. It is krekt om dy sosjale kontakten en de mienskip dat de Hollanderwyk sa priizge wurdt troch de bewenners. "De stêdeboukundige opset fan de wyk is sa, dat sosjaal kontakt net te mijen is,” seit Thom Sandijck yn de dokumintêre.

Fryslân DOK: It geheim fan de Hollanderwyk
Snein 17 maaie om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 16 maaie om 15.40 oere en snein 17 maaie om
12.25 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)