Fryslân DOK - Holwert oan See

08 sep 2015 - 13:32

Fryslân DOK op snein 20 septimber

Holwert: it plak dêr’t je delkomme ûnderweis nei Amelân. Mar it doarp sels is in fergetten krimpdoarpke mei in âld, fertutearze en ferlitten sintrum. De ynwenners wolle dat feroarje. Sa ûntstie de wurkgroep Holwert oan See: fjouwer ambisjeuze en entûsjaste minsken dy’t ynsette op leefberens, omset en banen yn Holwert.

Om dat te berikken moat der in trochgong yn de seedyk komme om it doarp wer mei de Waadsee te ferbinen. Holwert wurdt dan in toeristysk wettersportplak dêr’t je oer it Waad mei de boat komme kinne, mei oansluting op de Holwerter feart. Toeristen geane net mear allinnich nei Amelân mar bliuwe ek yn Holwert. De plannen moatte in grutte ekonomyske stimulâns jaan oan de krimpregio Noardeast-Fryslân.

Elkenien is entûsjast, mar de fraach bliuwt oft it allegear wol trochgean kin. Want oerheden wolle earst oan de stúdzje, foar't se jild yn it projekt stekke. Fryslân DOK docht ferslach hoe’t Holwert oan See ta in útdragene saak komt.

Fryslân DOK: Holwert oan See
Snein 20 septimber om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 19 septimber om 15.40 oere en snein 20 septimber om 12.25 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)