Fryslân DOK - Hoe’t Metallica De Westereen op ‘e kop sette

12 jun 2014 - 14:24

Fryslân DOK op snein 22 juny, mei in eksklusyf Metallica-ynterview op Pinkpop

Metallica is tsjintwurdich ien fan de aldergrutste rockbands fan de wrâld en follet mei gemak ynternasjonale stadions. Tritich jier lyn wie de Amerikaanske band lykwols hielendal net sa bekend. Yn de simmer fan 1984, fier foar harren trochbraak, spile Metallica yn it Fryske doarpke De Westereen. It ienige optreden dat de band yn Fryslân dien hat.

It optreden op 9 juny 1984 makke grutte yndruk op in protte Fryske besikers, yn in tiid dat heavy metal in folslein nije muzykstreaming wie. De besite fan Metallica oan De Westereen levere smoute anekdoates op, dy’t desennia letter noch hieltyd ferteld wurde yn Fryslân. Yn dizze dokumintêre rekonstruearret programmamakker Douwe Talma dy simmerjûn fan 1984 mei minsken dy’t der by belutsen wiene. In stikje fergetten muzykskiednis fan Fryslân.

Bysûnder is dat twa orizjinele bandleden fan Metallica meiwurken oan de dokumintêre. Kirk Hammett en Lars Ulrich hienen moandei 9 juny op it Pinkpop festival in eksklusyf petear mei Douwe Talma oer it optreden yn De Westereen. Op ‘e kop ôf 30 jier letter.

Fryslân DOK: Hoe’t Metallica De Westereen op ‘e kop sette
Snein 22 juny om 17:00 oere en dêrnei fan 18:10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 21 juny om 10:25 oere en snein 22 juny om 15:30 oere op Nederlân 2.

Noat foar de redaksje:
Foto: Bassist Cliff Burton silger en sjonger/gitarist James Hetfield njonken de poster fan it konsert yn De Westereen.

Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei programmamakker Douwe Talma:
tel. 058 299 77 99 / e-mail: douwe.talma@omropfryslan.nl. Of mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: tel. 058 299 7876 / 06 14 23 98 34.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)