Fryslân DOK - Himelslot

06 sep 2016 - 13:28

De útwreiding fan it park Vijversburg by Ljouwert, yn de folksmûle better bekend as de Bosk fan Ypey, is in nuodlike ûndernimming. Ynternasjonale en nasjonale keunstners sette dêr, ynspirearre troch de bosk, harren eigensinnige stimpel op mei ûntwerpen foar bygelyks in glêzen paviljoen en in doaltún. Mar hoe útfierber binne harren dreamen?

De arsjitekten Junya Ishigami en Marieke Kums komme mei in unyk paviljoen fan kwetsber glês dat fersonken is yn it grien. De Dútske byldzjend keunstner Tobias Rehberger werskept de tún fan beppe yn in greidlân, kompleet mei beamhut. Lânskipsarsjitekt Peter Veenstra makket mei in dwaalstjêr op de sichtlinen in wiere doaltún.

Teksten fan skriuwer Dirk van Weelden, foarlêzen troch Nynke Laverman, ferwurdzje it moai yn de dokumintêre: alle stappen yn de takomst feroarsaakje weemoed oer it ferline. En dochs moat der in ûntwerp komme dat de minsken dy’t tichtby wenje en fan it bosk hâlde, ynslút en romte biedt foar de ferrassingen en alluere fan de grutte wrâld.

Heechlearaar Goffe Jensma peilt hoe’t de útwreiding har ferhâldt ta de idealen fan Age Looxma Ypey, dy’t it park ein 19e iuw oan de Fryske mienskip skonk. En hoe sjogge de minsken dy’t harren al jierren thús fiele yn de bosk nei de nije ûntwikkelingen?

Fryslân DOK: Himelslot diel 1: Lyts en grut
Snein 18 septimber fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 17 septimber om 15.30 oere en snein 18 septimber om 13.00 oere op NPO 2.

Fryslân DOK: Himelslot diel 2: Stilstân en feroaring
Snein 25 septimber fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 24 septimber om 15.30 oere en snein 25 septimber om 13.00 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)