Fryslân DOK - Henriëtte, in fedette fan de Lytje Pole

08 sep 2014 - 12:54

Fryslân DOK op snein 14 septimber

Henriëtte Pieperiet is 80 jier en stiet bekend as de muzikale siel fan Skiermûntseach. Ta in nasjonale karriêre kaam it lykwols nea. Unwennigens hâldt har op de ‘Lytje Pole’. Sy makket al mear as 65 jier it eilân bliid mei kabaret en 1001 ferskes, dy’t se allegear út de holle ken. Op sawat alle brulloften, feestlike iepenings of begraffenissen spilet en sjongt se wurken fan Bach oant Drs. P.

Henriëtte Pieperiet komponearret yn de prachtige eilanner taal, dy’t driget út te stjerren. Har muzikale ynspiraasjeboarnen binne Ramses Shaffy, Marlene Dietrich en Drs. P. Har ferskes behannelje faak ûnwennigens en de oarloch. Mei har maat David de Boer stjoerde sy jierrenlang de suksesfolle eilanner revu ‘Op de bonnefooi’ oan.

Fryslân DOK: Henriëtte, in fedette fan de Lytje Pole
Snein 14 septimber om 17:00 oere en dêrnei fan 18:10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje.
Ek te sjen op sneon 13 septimber om 10:30 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foto: Henriëtte Pieperiet – Bron: FoppeSchut.nl
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)