Fryslân DOK - Grûn

20 okt 2015 - 15:15

Fryslân DOK op snein 1 novimber

‘Grûn’ is de grutte jubileumfoarstelling fan Tryater. It Frysk toanielselskip bestiet fyftich jier en is dêrmei it âldste teaterselskip fan Nederlân. Grûn, skreaun troch artistyk lieder Ira Judkovskaja, giet oer twa Fryske famyljes. De foarstelling fertelt it ferhaal fan trije generaasjes oer fyftich jier yn fjouwer oeren. Elkenien is troch de famyljebân mei-elkoar ferbûn, mar ek mei de tiid dêr’t sy yn libje.

Mar leafst sechstjin akteurs spylje yn de nije grutte seal fan skouboarch De Lawei yn Drachten de jubileumfoarstelling. De foarstelling spilet fanwegen de grutte omfang eksklusyf yn De Lawei. Grûn fertelt it ferhaal fan twa boerefamyljes út itselde doarp. De iene famylje is roomsk en hâldt al fjouwer generaasjes it boerebedriuw draaiende. De oare famylje is herfoarme. Harren boerebedriuw waard yn de jierren santich fuortsanearre. De famyljes libje al trije generaasjes lang op en fan it lân dêr’t harren âlden en foarâlden libben.

Yn Grûn giet elke generaasje op har eigen wize om mei universele tema's as leauwen, ambysje, ferlies en feroaring.”Wat der ek bart, it libben giet altyd troch’’ is ien fan de kredo's fan Judkovskaja. Boppe it toaniel draaie grutte filten planeten fan Claudy Jongstra, om in gefoel fan "in universum yn in universum" op te roppen. It toanielbyld is ûntwurpen troch Roos van Geffen.

Om de jubileumfoarstelling hinne ropt Tryater minsken op om ek harren famyljeferhalen te fertellen. Dat wurdt dien mei it publyksprojekt ‘In bosk fan minsken’ dêr’t famyljeferhalen yn ferbûn wurde. Op www.inboskfanminsken.nl wurde de ferhalen sammele. De ferhalen krije úteinlik foarm yn in lûdsynstallaasje fan Bouke Groen.

Fryslân DOK: Grûn
Snein 1 novimber om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 31 oktober om 15.35 oere en snein 1 novimber om 12.25 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)