Fryslân DOK - Granaatfiskers efter it net

11 sep 2014 - 11:39

Fryslân DOK op snein 21 septimber

De granaatfiskers op de Waadsee fine dat sy de meast duorsume tûke fan de fiskerij foarmje. Dochs hawwe sy dit jier gjin fergunning om harren wurk út te fieren, wurde der fiskgebieten sluten en is it duorsumenskarmerk foar harren fangsten ôfkard.

It binne de gefolgen fan de nije Europeeske regeljouwing Natura 2000. Mar ûndersiken moatte noch altyd útwize wat de skea fan de âlde wurkwize is en oft nije techniken better binne. Offisjeel wurkje oerheid, fiskersbûn en natuerbeskermingorganisaasjes yn goed oerlis oan in oplossing, mar op see en oan de wâl is der in oar lûd te hearren.

Fryslân DOK: Granaatfiskers efter it net
Snein 21 septimber om 17:00 oere en dêrnei fan 18:10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 20 septimber om 10:30 oere en snein 21 septimber om 15:25 oere op Nederlân 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)