Fryslân DOK - Geel & Blau sit yn myn bloed

09 maaie 2014 - 15:23

Fryslân DOK op snein 18 maaie

Cambuur – Vitesse op 12 april 2014: in belangrike wedstriid foar Cambuur. By winst kinne de Ljouwerters ek takom seizoen wer op it heechste poadium fan it betelle fuotbal yn Nederlân spylje, de earedivyzje. Fryslân DOK folge ynterim-coach Henk de Jong fan Drachten en de fans Chris Paassen en Jan Hollander fan Ljouwert om de wedstriid Cambuur – Vitesse hinne. De klupkleuren geel en blau sitte harren yn it bloed.

Cambuur ferrast dit seizoen freon en fijân, want op foarhân waard de klup mei de leechste begrutting sjoen as ien fan de degradaasjekandidaten foar dit jier. De klup promovearre foarich seizoen troch op de lêste wedstriiddei fan de Jupiler League kampioen te wurden. It gefolch wie in spontaan folksfeest yn Ljouwert.

De belibbing yn it stadion falt yn hiel Nederlân op. Oant haadcoach Dwight Lodeweges bekend makket om it kommende seizoen oer te stappen nei rivaal SC Hearrenfean. Supporters fersteure de training en Lodeweges kiest derfoar om fuortendaliks op te stappen. Henk de Jong moat de put ôfmeitsje, want Cambuur is noch net feilich yn de earedivyzje. It sil in histoaryske wedstriid wurde tsjin de miljoeneploech fan Vitesse út Arnhem. Yn in wiere thriller wurdt it 4-3 foar de Ljouwerters. De ûntlading is grut by sawol de supporters as de kluplieding.

Nei de hanthavening op it heechste nivo is de seleksje foar takom jier de nije útdaging foar Cambuur-direkteur Gerald van den Belt. De hierlingen fan PSV, Ajax en Feyenoord ferlitte de klup en ek oare Cambuur-spilers steane yn de belangstelling. Op de eftergrûn spilet ek noch de winsk om in nij stadion te krijen. Mar wêr't dat komme moat is noch mar de fraach. Ien ding foar it kommende seizoen is al wol dúdlik: Henk de Jong wurdt de nije haadtrainer.

Fryslân DOK: Geel & Blau sit yn myn bloed
Snein 18 maaie om 17:00 oere en dêrnei fan 18:10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 17 maaie om 10:30 oere en snein 18 maaie om 15:25 oere op Nederlân 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876 / 06 14 23 98 34.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)