Fryslân DOK - Fryske doarpen pakke de krimp oan

05 feb 2015 - 15:14

Fryslân DOK op snein 15 febrewaris 2015

Fjouwer doarpen by Dokkum hawwe mei-inoar de krimp en de fertutearzing fan harren âlde doarpssintra oanpakt. Yn Ie, Mitselwier, Peazens en Holwert binne Dorps Ontwikkelings Maatschappijen (DOM’s) oprjochte; in eksperimint fan fiif jier. Stipe komt der fan gemeente en provinsje.

Húseigeners yn in beskerme doarpsgebiet kinne maksimaal 5000 euro krije om huzen op te knappen. Dat begjinkaptaal lûkt de eigeners en banken meastentiids krekt oer de streek. In tal rotte kiezzen yn de doarpen binne al oanpakt. De pleatslike oannimmers hawwe dêrtroch mear wurk.

Ek binne der plannen ûntwikkele foar toeristyske aktiviteiten. Ie wurket oan fernijing fan it Flaaksmuseum, Peazens-Moddergat wurket oan in sammelpunt foar radiostjoeramateurs en in lyts wurkplak foar muzikanten, dêr’t ek foarstellings hâlden wurde kinne. Mitselwier komt mei in Waadtoer by nijsgjirrige plakken del. Holwert wurket oan it projekt Holwerd aan Zee.

De foarsitters fan de DOM’s stean sintraal yn dizze film fan Thom Verheul. Mei harren rint hy de doarpen, suksessen, knyppunten en noch ûnferfolle winsken del.

Fryslân DOK: Fryske doarpen pakke de krimp oan
Snein 15 febrewaris om 17:00 oere en dêrnei fan 18:10 oere alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 14 febrewaris om 15:35 en snein 15 febrewaris om
12.25 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)