Fryslân DOK - Fleur op ‘e Flecht

28 mrt 2017 - 08:13

Hoe is it foar Afgaanse bern om as flechtling yn Fryslân te wenjen? Fleur op ‘e Flecht lit sjen hoe't bern har hjir op it earste gesicht maklik oanpasse. Freonskippen slute, boartsje, de taal leare, rûzje meitsje en dreame. Mar de ferskrikkingen fan de flecht binne noch lang net fergetten en de ûnwissichheid oer de takomst is kontinu oanwêzich.

De Afgaanse dokumintêremakker Alka Sadat en har man en kameraman Foad Dehqanpour folgje trije Afgaanse bern dy’t as flechtling nei Nederlân kamen; Ahmad, Donya en Zahul. Ahmad wennet mei syn famylje yn it AZC fan Burgum dêr't útprosedearre asylsikers opfongen wurde. Syn asyloanfraach is yn earste ynstânsje ôfwiisd. Hy is yn ôfwachting fan in berop tsjin dy ôfwizing. Donya en Zuhal wenje nei ferskate oerpleatsingen net mear yn Fryslân, mar yn it AZC fan Dronten. Se wachtsje al moannen op útslach fan de oanfraach om hjir bliuwe te kinnen. De bern fertelle oer harren flecht nei Nederlân en oer hoe't it is om hjir te wenjen en in takomst op te bouwen. 

Dat de bern filme wurde troch immen út harren heitelân en prate kinne yn har eigen taal makket dat se tige iepenhertich fertelle. Sa krije ferhalen, dy't op it earste gesicht bekend klinke, in bysûndere lading om't se ferteld wurde troch bern. Alka Sadat woe perfoarst gjin tryste film meitsje, mar in film oer hope. Dêrom frege sy teätermakker Jeanmarie Bevort om foar de bern op te treden. Yn syn clowneske foarstelling ‘Dwarf’ praat er in eigen taal. In taal dy’t net ien ferstiet, mar wol elkenien begrypt.

Fryslân DOK - Fleur op ‘e Flecht:
Snein 9 april om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân. Ek te sjen op sneon 8 april om 15.30 oere en snein 9 april om 13.25 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)