Fryslân DOK - Fleanend de takomst yn

29 sep 2014 - 13:05

Fryslân DOK op snein 5 oktober

De fleanbasis Ljouwert stiet oan it begjin fan de nije takomst fan de loftmacht.
Hie definsje earst noch it foarnimmen om de Fryske basis te sluten, no is dúdlik dat de beide nije tastellen fan Nederlân dêr in plak krije: De MQ-9 Reaper en de F-35.

De MQ-9 Reaper is in drone dy't op tûzenen kilometers ôfstân bestjoerd wurde kin.
It grûnstasjon komt op de fleanbasis Ljouwert te stean. Ek de F-35, oftewol de JSF, kriget dêr in plak. Krekt lykas by de F-16 moat de fleanbasis Ljouwert it kennissintrum wurde foar de brûkers fan dat tastel.

De nije takomst wurdt taret yn de Feriene Steaten. Bygelyks op de fleanbasis Eglin yn Florida dêr't de earste minsken leare te wurkjen mei de F-35. En midden yn de woastyn fan New Mexico, op de fleanbasis Holloman. Dêr krije de earste minsken ynkoarten harren oplieding foar it bestjoeren en betsjinjen fan de MQ-9 Reaper, in drone, of oars sein, in Unmanned Aerial Vehicle (UAV). Al dizze plannen betsjutte dat der wer ynvestearre wurdt op de fleanbasis. Dat wurdt net inkeld dien yn gebouwen, mar ek yn minsken.

Sels no't op de basis hurd wurke wurdt oan in nije takomst, wurdt ynset frege fan F-16's en personiel yn de striid tsjin IS.

De fleanbasis Ljouwert hat dus wer in takomst. Ien dy't opboud wurdt yn de Feriene Steaten om nei 2018 útrôle te wurden yn Ljouwert. De Ljouwerter fleanbasis kin 'fleanend de takomst yn'.

Fryslân DOK: Fleanend de takomst yn
Snein 5 oktober om 17:00 oere en dêrnei fan 18:10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 4 oktober om 10:30 oere en op snein 5 oktober om 15:30 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)