Fryslân DOK - Feroarkrêft

30 aug 2016 - 12:48

De partisipaasjemienskip, dêr’t elk sines oan bydraacht en de oerheid op syn heechst fasilitearret, freget om in feroaring fan mentaliteit. En dat ferrint net altyd like maklik. Yn febrewaris liet Fryslân DOK sjen hoe’t Fryske mienskippen op eigen krêft duorsum besochten te wurden. Hoe stiet it dêr no mei?

De ûntwikkelingen yn Penjum en de doarpen fan De Trynwâlden binne dêrfoar op de foet folge. Dy Fryske doarpen wiene yn febrewaris hurd op wei om enerzjyneutraal te wurden. Mar hoe moat dat organisearre wurde? En hoe krije je elkenien mei yn dy ambysje? De doarpen binne in jier lange folge yn dy ûntwikkelingen. Yn de Fryslân DOK ‘Feroarkrêft’ wurdt weromsjoen nei de wei hjir nei ta en foarútsjoen nei de takomst.

Fryslân DOK: Feroarkrêft
Snein 11 septimber fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 10 septimber om 15.30 oere en snein 11 septimber om 13.05 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)