Fryslân DOK - Eelke Lok

25 aug 2015 - 11:33

Fryslân DOK op snein 6 septimber

Nei 40 jier by Omrop Fryslân hat redakteur Eelke Lok de âldens berikt dat er mei pensjoen sil. Dêrmei komt in ein oan it tiidrek-Eelke op de Fryske radio en televyzje. Dizze Fryslân DOK stiet folslein yn it teken fan it ôfskied fan de sjoernalist Eelke Lok: in eigensinnige man dy’t nea om in miening ferlegen is.

Mei in tal gasten sjocht Eelke op it terras fan Hotel Galamadammen yn Koudum werom op syn karriêre by de omrop. Wat is der feroare yn de sjoernalistyk? Hoe gie de oerstap fan radio nei televyzje? Hokker saken gongen mis? Dizze earste Fryslân DOK fan it nije seizoen is in spesjale útstjoering dêr’t Eelke sels de ynhâld fan bepaalde. Besjoch it eigen ôfskiedsferhaal fan de markante man dy’t jierrenlang stim en gesicht fan Omrop Fryslân wie: Eelke Lok.

Fryslân DOK: Eelke Lok
Snein 6 septimber om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 5 septimber om 15.40 oere en snein 6 septimber om 12.25 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)