Fryslân DOK - Echo's fan it Starteilân

10 maaie 2016 - 09:56

Echo’s fan it Starteilân
 

It Starteilân oan de Snitsermar, offisjeel it Kolmarslân, leit ticht by de wâl en dochs is it in lytse wrâld op himsels. It eilân, dat op in feanlaach fan twa meter leit, is maklik te berikken mei de pont.

It plak is lânlik bekend fan de Snitswike. Yn de simmer is it der hiel drok, mei de wedstriidsilerij en alle feestfierende minsken. Mar wat bart der yn de maitiid, de hjerst en de winter? It eilân hat alle seizoenen syn groepen wenstige brûkers.

De fûgelman siket yn de maitiid, as it noch rêstich is op it eilân, nei nêsten. Yn de hjerst farre de silers noch ien kear it wetter op om alles wer op te romjen: de ein fan it seizoen. Winterdeis is it leech en ferlitten op it Starteilân.

Programmamakker Anja Veenendaal sketst yn ‘Echo’s fan it Starteilân’ in yngeand byld fan de aventoeren op it eilân. Sy hat dêrfoar fjouwer seizoenen op it eilân west, mei as útkomst dat alle tiden fan it jier harren eigen ferhaal hawwe.

Fryslân DOK: Echo’s fan it Starteilân
Snein 22 maaie fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 21 maaie om 15.30 oere en snein 22 maaie om 13.05 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)