Fryslân DOK - Dwers en Tear

30 okt 2014 - 14:29

Fryslân DOK op snein 9 novimber

De dokumintêre 'Dwers en Tear' is in oade fan regisseur Pieter Verhoeff oan syn Fryske keunstfreon Cees Bijlstra. Dizze komponist skreau foar Verhoef de filmmuzyk fan 'De Dream', 'De Langste Reis' en 'Nynke'. Ek makke Bijlstra programma's foar radio en televyzje. Yn 2004 rekke er samar wei. De dokumintêre giet op 7 novimber yn premjêre op it Noardlik Filmfestival yn Ljouwert en is 9 novimber te sjen by Omrop Fryslân.

Cees Bijlstra wie de fêste komponist fan regisseur Pieter Verhoeff. Hy krige nasjonaal en ynternasjonaal wurdearring foar syn wurk. Ek komponearre hy muzyk foar teater, radio en tv, Omrop Fryslân en de AVRO. Tsien jier lyn ferstoar er mei 58 jier oan in hertstilstân. Regisseur Pieter Verhoef is ûnder oare bekend fan de films 'De Dream', 'De Vuurtoren' en 'Nynke'. Hy krige op it Noardlik Filmfestival fan 2013 de Mata d'Or foar syn hiele wurk. Verhoeff hat fierder meardere Gouden Kalveren en prizen op syn namme stean.

'Dwers en tear' lit minsken oan it wurd dy't Bijlstra fan hiel tichtby meimakke hawwe, lykas
Thom Mercuur fan Museum Belvédère, kabaretier Rients Gratama en âld-artistyk direkteur Guido Wevers fan Tryater. Yn de dokumintêre sit ek wurk fan komponist Paul M. Van Brugge, dy't ta neitins oan Bijlstra en syn muzyk in duet foar sello en marimba skreau. It wurk is ynspirearre op Bijlstra's sketsen foar in muzykstik foar de iepening fan museum Belvédère yn 2004.

De finansiering fan dizze filmproduksje is foar in grut part ta stân kommen fia online crowdfunding op www.ceesbijlstra.nl. Boppedat hawwe de measte minsken dy’t oan de film meiwurke hawwe, ôfsjoen fan in finansjele fergoeding. De produsinten fan de film binne Gwen Jansen van JansenJager, beeldmakers en Mira Mendel en René Mendel fan Interakt.

Fryslân DOK: Dwers en Tear
Snein 9 novimber om 17:00 oere en dêrnei fan 18:10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 8 novimber om 10:25 oere en op snein 9 novimber om 15:30 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)