Fryslân DOK - Dûns op ‘e kop

20 sep 2016 - 11:20

Ofrûne simmer ferstoar de Fryske dokumintêremakster Marijke Jongbloed (1956) oan de gefolgen fan in harsentumor. Se makke tal fan dokumintêren foar Omrop Fryslân. Ien derfân, ‘Dûns op 'e kop’, wurdt ta neitins oan Jongbloed werhelle yn Fryslân DOK.

De yn Ljouwert berne filmmakster waard ynternasjonaal ferneamd troch it projekt ‘Fatal Reaction’, in rige films oer de wrakseling fan froulju mei in hege oplieding om in partner te finen. Se folge froulju yn Mumbai, Singapore, New York en Moskou. Earder makke Jongbloed in rige oer keatsers yn de oarloch en de lange dokumintêre ‘Bûten de Skepping’; oer de fiskersmienskip fan Moddergat.

Marijke Jongbloed makke fierder priiswinnende films oer moderne dûns. De Fryslân DOK ‘Dûns op 'e kop’ giet oer it sykjen nei ferbining tusken de moderne styldûns en de regionale folkloristyske dûns. Yn de dûnsdokumintêre wurdt ûndersocht wêrom't it net bûteret tusken de ferskillende generaasjes. Sintraal punt is de spanning tusken âld en nij: âlde en nije dûns en it besykjen jongerein te ynteressearjen foar tradisjonele dûnsen, mar dan yn in moderne ferpakking.

Fryslân DOK: Dûns op ‘e kop
Snein 2 oktober fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 1 oktober om 15.30 oere en snein 2 oktober om 13.00 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)