Fryslân DOK - Dokumintêre Missy Slagge? by Omrop Fryslân

15 des 2015 - 11:06

Fryslân DOK op snein 3 en 10 jannewaris

Hoe tinkt de westerske mins de problemen fan earmoede en ûnfeiligens yn de wrâld op te lossen. Dat is de fraach dy’t sintraal stiet yn ‘Missy Slagge?’: in dokumintêre fan Anne van Slageren oer it sindingswurk fan syn heit yn Kameroen. In trailer fan Missy Slagge? is hjir te besjen.

De Fryske sindingspredikant Jaap van Slageren gie yn 1963 mei syn frou Tinie Oost en soan Anne nei it krekt ûnôfhinklike Afrikaanske lân Kameroen. De famylje, dêr’t twa jier letter dochter Krista by kaam, bleau der tsien jier. As ‘rike’ blanke bern groeiden Anne en Krista op yn it fermidden fan swarte minsken. Missy Slagge? fertelt it ferhaal fan it gesin, it wurk fan heit en de waarme bân dy’t sy ûnderholden mei harren betsjinner Jean Martin.

Jaap van Slageren fûn út dat al in protte misjonarissen him foargien wiene en dat it kristendom net allinnich troch blanken nei Kameroen brocht wie. Hy skreau dêr in bekend wurden boek oer. Syn frou Tinie skreau ek. Alle wiken stjoerde sy in brief nei famylje yn Fryslân oer it lân dat yn it begjin sa fier fan har ôf like te stean. Doe’t yn 1989 bliken die dat se ûngenêslik siik wie, ferwurke se de brieven ta in deiboek. No goed fyftich jier letter reizget Anne, histoarikus en filmmakker, mei syn heit en sus nochris werom nei Kameroen. Mei de fraach: wat hat de betsjutting west fan harren ferbliuw dêr? Foar de minsken yn Kameroen en foar harsels.

Oan de ein fan de earste trije jier yn it lân skreau Tinie: ‘’Helpe is in dreech fak. It is boppe-al harkje en je eigen wiisheden foar je hâlde.’’ Anne ûntdekt dat hy jierren letter ta deselde konklúzje komt: ‘’Hoewol’t de koloniale tiid foarby is, binne we noch hieltyd wend om de rest fan de wrâld troch ús westerske bril te sjen. Wat mear beskiedenheid soe de westerske en benammen blanke mins wol siere.’’ Missy Slagge? is in nuansearre film dêr’t Kameroeners rom yn oan it wurd komme. De makker lit it oan de sjogger oer oft de missy dêr’t syn âlden mei nei Kameroen gongen, ‘om te helpen’, slagge is of net.

Fryslân DOK: Missy Slagge? – diel 1
Snein 3 jannewaris om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 2 jannewaris om 15.25 oere op NPO 2 en op snein 3 jannewaris om 12.25 oere.

Fryslân DOK: Missy Slagge? – diel 2
Snein 10 jannewaris om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 9 jannewaris om 15.25 oere op NPO 2 en snein 10 jannewaris om 12.25 oere.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 78 76 of mei dokumintêremakker Anne van Slageren: 06 288 783 45 of info@anderevertoningen.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)