Fryslân DOK - Dioxine yn Harns

27 feb 2015 - 17:40

Fryslân DOK op snein 8 maart 2015

Yn de aaien fan hobbyboeren yn de buert fan Harns sitte ferhege konsintraasjes dioksine. Dat wie de konklúzje fan in ûndersyk fan toksikolooch Abel Arkenbout yn septimber 2013. Dêrmei begûn in nije faze yn it wantrouwen yn de REC, de ôffaloven fan Omrin yn Harns.

Neffens Omrin bliuwt de útstjit fan skealike stoffen ûnder de easken fan de miljeuwetjouwing. Arkenbout hâldt oan. Hy is in grut foarstanner fan it kontinu mjitten fan dioksine yn de piip fan de ôffaloven. De provinsje Fryslân makke ein jannewaris jild frij om dy mjittings in jier lang út te fieren. Sil dit ûndersyk úteinlik rêst bringe yn Harns of just net?

Fryslân DOK: Dioxine yn Harns; mjitte, witte en wantrouwe
Snein 8 maart om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 7 maart om 15.35 oere en snein 8 maart om 12.25 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876 / 06 14 23 98 34.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)