Fryslân DOK - De Terp

16 okt 2014 - 11:46

Fryslân DOK op snein 26 oktober en snein 2 novimber

De fyftich bewenners fan opfang De Terp yn Ljouwert ferhúzje nei in nagelnij ûnderkommen. It binne ferslaafden mei psychiatryske problemen, net mear sa jong, mei foarhinne in swalkjend bestean. Yn de soarchopfang fan Zienn meie bewenners drugs brûke, mar se moatte harren wol oan de regels fan it hûs hâlde. Fertriet en humor lizze hjir ticht by inoar. Fryslân DOK folget de bewenners en harren ferhuzing yn in twadielige dokumintêre.

Diel 1
Wy komme yn de kunde mei Nico en Susanne. Nico, dy’t nei alle gedachten autistysk is, rekke oan de heroïne en fertutearze himsels. Jongste bewenner Susanne wrakselet mei meardere ferslavings en mei in drinkende mem. Op “mijn moeders moment” drage se in selsskreaun gedicht foar. En alle wiken geane se nei in pleats yn Stiens om de sinnen te fersetten.

Diel 2
De Yndyske lietsjesjonger Freddy is ûnferwachts ferstoarn. De oare bewenners nimme yn de ytseal weardich ôfskied fan him. Dolf hat it der swier mei, want Freddy wie in maat fan him.
Yntusken moat elkenien ynpakke foar de ferhuzing nei de nije lokaasje. Foar guon is dat in feestje, oaren fine it dreech. De nije keamers falle goed yn ‘e smaak, mar de âlde problemen nimme se mei.

Fryslân DOK: De Terp
Diel 1: Snein 26 oktober om 17:00 oere en dêrnei fan 18:10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 25 oktober om 10:30 oere en snein 26 oktober om 15:30 oere op NPO 2.
Diel 2: Snein 2 novimber om 17:00 oere en dêrnei fan 18:10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 1 novimber om 10:30 oere en snein 2 novimber om 15:30 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)