Fryslân DOK - De magy fan Ritsko van Vliet

19 jan 2016 - 12:46

Ritsko van Vliet senior (1924 - 2001) winske him in libben op it poadium en yn de skynwerpers, as gûcheler en konferensier. Dat slagge aardich, mar tsjinslach en oare faktoaren wiene bepalend yn syn libben. Soan Ritsko junior, noch mar twa jier âld doe’t mem ferstoar, moast letter mei yn de artystedream fan senior. Se reizgen tegearre troch it lân.

Se reizgen net allinnich foar de shows, mar ek om guod te sammeljen foar de histoaryske fariëteekolleksje fan Ritsko senior. Krekt dy samling bringt de Ljouwerter artyst bekendheid, want it is in unike dokumintaasje fan it fariëtee yn de jierren 1850 - 1950. De samling is yn 1993 oankocht troch it Nederlands Theater Instituut. Ald-direkteur en klienkeunstsaakkundige Jacques Klöters ûntfangt Ritsko junior hjir tusken de mappen en de doazen.

Yn dizze Fryslân DOK komme ek Karel de Rooij en Peter de Lange oan it wurd. It duo, better bekend as Mini en Maxi, dielt syn fyzje oer de keunst en krêft fan it noch altyd libjende fariëtee.

Ritsko junior stiet yn jannewaris op de planken. Hy spilet himsels yn de foarstelling ‘In de naam van de vader’, fan selskip BUOG. Dat stik biedt him de kâns de relaasje mei syn heit en syn erfenis te ûndersykjen. Mear ynformaasje oer de foarstelling is te finen op: www.buog.nl.

Fryslân DOK: De magy fan Ritsko van Vliet
Snein 31 jannewaris om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 30 jannewaris om 15.25 oere en snein 31 jannewaris om 13.00 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)