Fryslân DOK - De grins

04 apr 2017 - 07:22

Fryslân DOK op snein 16 april

‘De grins’ giet oer tsien profesjonele jonge Fryske dûnsers en fjirtich amateurdûnsers fan fyftich jier en âlder. Sy spylje tegearre yn de oangripende foarstelling ‘Grenzeloos’. Hjiryn wurde de dilemma’s fan de flechtling fielber. It momint fan ôfskied nimme fan harren dierberen, de libbensgefaarlike oertocht yn in boat oant it oankommen yn in lân dêr’t je frjemd binne.

De dûnsfoarstelling Grenzeloos is ûnderdiel fan it Europeesk projekt Let’s Dance, dy’t jonge dûns- en teätermakkers stimulearje wol om dûnsteäter te meitsjen mei groepen minsken dy’t gjin of net folle dûnsûnderfining haw. Harren motto is dat elkenien dûnsje kin, ôfsjoen fan de leeftiid, ûnderfining of eftergrûn. Keunstwurk yn Ljouwert is dêryn partner mei dûnsers yn Bremen, Glasgow en Granada. It tema fan it projekt dy’t de dûnsers útdrage is migraasje.

In spannend momint yn it proses is as fiif flechtlingen út Syrië en Eritreä nei de foarstelling komme te sjen. Sy sjogge dernei mei harren hert en bin tige rekke. Yn de foarstelling is de taal fan de dûns oan it wurd en fertelt hoe’t it is om flechtsje te moatten.

Fryslân DOK - De grins:
Snein 16 april om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân. Ek te sjen op sneon 15 april om 15.30 oere en snein 16 april om 13.00 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)