Fryslân DOK - De beheining foarby

23 aug 2016 - 13:16

Yn de earste Fryslân DOK fan it nije seizoen stiet it ferhaal fan de 24 jier âlde amazône Rixt van der Horst fan Grou sintraal. Troch in soerstoftekoart by de berte is Rixt lichaamlik beheind rekke, mei ûnder oare spastyske diplegy yn har skonken en hannen as gefolch. Doe’t se fiif jier âld wie krige sy it advys om te begjinnen mei hynsteriden as fysioterapy.

De prognoaze wie dat sy nea rinne soe. Mar troch de ynset fan har âlders en in protte trainingen rûn dat oars. As jonge krêftige frou skoot se mei talint, presyzje en kriich hieltyd de grins fan har beheining fierder op. Rixt hat mar ien doel foar eagen: harsels kwalifisearjen foar de Paralympyske Spelen yn Rio de Janeiro.

Der binne in soad fasetten dy’t sjen komme by dy wei nei dy kwalifikaasje. In goed hynder is wichtich, mar in sporter moat ek genôch sponsorjild binnenkrije en goed prestearje op it goede momint. Dokumintêremakker Larissa Lokenberg folge Rixt fan it momint ôf dat sy ferhuze fan har âlders nei har trainer yn maaie 2015 oant en mei it Nederlânsk Kampioenskip yn july 2016, de lêste mooglikheid om selektearre te wurden foar Rio. Hoe makkest fan dyn dream realiteit mei in lichem dat net docht watsto wolst?

Fryslân DOK: De beheining foarby
Snein 4 septimber fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 3 septimber om 15.30 oere en snein 4 septimber om 12.55 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)