Fryslân DOK - 100 jier Dam Jaarsma

06 jun 2014 - 14:53

Fryslân DOK op snein 15 juny

Dam Jaarsma fan Eastermar (1914 – 1991) wie ien fan de grutste folksferhalensamlers fan Europa. Hy tekene mar leafst 16.867 folksferhalen en teltsjes op yn de Fryske Wâlden. Hy begûn dêr as jonge man mei yn de jierren tritich. Dit jier wurdt Adam Aukes Jaarsma eare troch de Eastermarders (Stifting 100 jier Dam Jaarsma) mei in folle aginda.

Fan 1965 oant 1977 wurke Jaarsma yn opdracht fan it Meertens Instituut foar folkskunde yn Amsterdam. De oare 23 samlers dy't foar it Meertens aktyf wiene yn Nederlân, hellen mei-inoar itselde oantal ferhalen op as Jaarsma yn syn ientsje. It wie ek fiif foar tolven: de lêste noch libbene dragers fan de orale ferteltradysje wiene al flink op jierren.

Bûten de rûnte fan de folksferhalenkenners en de Eastermarders is Jaarsma wat út it sicht rekke. De útjefte fan in boek mei in seleksje út syn sammele mearkes, en it online setten fan al syn ferhalen troch de verhalenbank.nl fielt foar de belutsenen en de famylje as in postúm earbetoan. Japik, Auke en Errit de Jong fan It Wytfean hawwe as jonges in protte mei harren omke oplutsen. "Omme Dam" wie net troud en hie sels gjin bern. De mannen, no sechtigers, besykje meielkoar te ferklearjen wat harren omke beweegde. Sy memorearje yn dizze Fryslân DOK syn passys, mar ek syn ferûnderstelde iensumens. Fierder yn dizze biografy unike lûdopnamen fan J.J. Voskuil fan it Meertens Instituut en Dam Jaarsma op besite by ien fan de masterfertellers, Geeske Kobus - van der Zee.

Fryslân DOK: 100 jier Dam Jaarsma
Snein 15 juny om 17:00 oere en dêrnei fan 18:10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 14 juny om 10:25 oere en snein 15 juny om 15:30 oere op Nederlân 2.

Noat foar de redaksje:
Foto: Dam Jaarsma. Boarne: Tresoar, fotograaf: Henk Kuiper.
Foar mear ynformaasje of de foto yn in grutter formaat kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876 /
06 14 23 98 34.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)